Jacob Bijlsma en Douwe Kootstra
yn ' t Readtsjerkje

Dat wurdt in bjusterbaarlik barren.
De twa meesterfertellers hawwe in programma yn elkoar
draait wer't se al suksesfolle jûnen mei belibbe ha.
De besikers wiene enthousiast.

Dizze twa mannen sille op sneintemiddei 22 jannewaris yn it Readtsjerkje har opwachting meitsje.
Ferhalen oer en plaatsjes fan de woeste, wylde wrold yn de omkriten fan de Goddelease Singel komme op it aljemint.
Dêr hat him troch de skiednis hinne hiel wat ôfspiele wat optekene is yn  folksferhalen en spoekferhalen.
Dizze spannende fertelsels kinne jim meibelibje fanôf 15.00 oere op sneintemiddei 22 jannewaris.
Kaarten binnen allinne oan de seal te ferkrijen, de kosten 7,50 Euro.
De ferkeap begjint om 14.30 oere. Reservearje is net mooglik, dus kom op tiid, want fol is fol.

Voor het weergeven van de inhoud op deze pagina is een nieuwe versie van Adobe Flash Player vereist.

Adobe Flash Player ophalen

klik foar it filmke linksûnder op ' e  foto.